Home   Contact   Sitemap   English   RSS   Zoeken  


Rechtbank Leeuwarden
 

Rjochtbank Ljouwert



Rûtebeskriuwing mei plattegrûn
E-mail: info.rechtbankleeuwarden@rechtspraak.nl

Yntroduksje                                                          

Algemien
Op dizze site fine jo:

  • fotorûnlieding: jo besite oan 'e rjochtbank Ljouwert
  • ynformaasje oer de rjochtbank Ljouwert en de njonkenfêstigings;
  • útspraken dy’t de rjochtbank dien hat;
  • de bekendmakkings fan ’e rjochtbank oer fallisseminten, surseanses fan betelling en skuldsanearrings dy’t de rjochtbank útsprutsen hat.

Mei it menu oan ’e lofterkant fan dizze side kinne jo spesifike ynformaasje fine. It menu boppe oan de bledside jout algemiene ynformaasje oer de rjochtspraak yn Nederlân. Om werom te gean nei de homepage fan ’e rjochtspraak kinne jo op it logo fan ’e Rjochtspraak klikke.

Iepeningstiden
De baly fan it gerjochtsgebou is op wurkdagen foar it publyk iepene fan 08.30 oeren oant 16.30 oere ta. Dizze baly is ûnderferdield yn in sittingsbaly en in ynformaasjebaly. Telefoanysk is de rjochtbank te berikken fan 08.00 oant 17.00 oere. 

It njonkenfêstigingsplak It Hearrenfean is iepene fan 08.30 oere oant 16.30 oere ta en telefoanysk berikber fan 08.00 oere oant en mei 16.30 oere. Klik hjir foar ynformaasje oer it njonkensittingsplak Snits.
De rjochtbank is op hjeldagen sletten.

Klik hjir foar de telefoan- en faksnûmers.

It bywenjen fan sittings
De sittings binne, op in oantal útsûnderingen nei, iepenbier en sadwaande foar it publyk tagonklik. Eltsenien fan 18 jier en âlder kin op ’e publike tribune in sitting as taskôger bywenje. De rjochtbank Ljouwert lit, nei bysûndere tastimming fan 'e rjochter, ek jongeren fan 14 jier en âlder ta (sjoch ek groepsbesites).

Guon saken wurde troch ien rjochter behannele, oaren troch trije. Dat hinget ûnder mear fan ’e soarte saak ôf en fan ’e dregens fan ’e saak. Oer it algemien docht de rjochter net fuortendalik útspraak. Allinne de polysjerjochter docht dat (meastentiids) al.

As jo as taskôger in rjochtsaak bywenje wolle, dan kinne jo jo melde by de portier, dy’t jo fierder ferwize sil. Foar't jo yn 'e hal fan 'e rjochtbank komme, geane jo earst troch de deteksjepoarte en wurdt jo bagage skend. Klik hjir foar mear ynformaasje oer sittings en it sittingsroaster.
Wolle jo mei mear as 10 persoanen in rjochtsaak bywenje? Gean dan nei de pagina groepsbesites.

Fêstigings en wurkgebiet
De haadfêstiging fan ’e rjochtbank is yn Ljouwert. Der is in njonkenfêstiging op it Hearrenfean. Dêrbûten wirdt ek sitting hâlden yn de njonkensittingsplak Snits.

It wurkgebiet fan ’e rjochtbank Ljouwert is it arrondissemint Ljouwert. Dat arrondissemint beslacht it grûngebiet fan ‘e provinsje Fryslân en omfiemet de folgjende gemeenten:

Achtkarspelen

Ferwerderadiel

Ljouwerteradiel

Skiermuontseach

Weststellingwerf

it Amelân

Frjentsjerteradiel

Lemsterlân

Skarsterlân

Wûnseradiel

it Bilt

Gaasterlân-Sleat

Littenseradiel

Smellingerlân

Wymbritseradiel

Boarnsterhim

Harns

Menameradiel

Snits

 

Boalsert

it Hearrenfean

Nijefurd

Skylge

 

Dantumadiel

Kollumerlân

Eaststellingwerf

Tytsjerksteradiel

 

Dongeradeel

Ljouwert

Opsterlân

Flylân

 

It arrondissemint Ljouwert makket diel út fan it ressort Ljouwert. Dat ressort bestiet út it grûngebiet fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Binnen it ressort binne trije rjochtbanken wurksum, te witten yn Ljouwert, Grins en Assen. It heechste rjochterlik orgaan yn it ressort is it Gerjochtshof Ljouwert. It wurkgebiet fan it Hof beslacht it grûngebiet fan it hiele ressort.

Yn heger berop
De rjochtbank sprekt yn earste oanlis rjocht yn it strarjocht, it syvile rjocht en it bestjoersrjocht. Yn easte oanlis wol sizze dat de rjochtbank de earste ynstânsje is dy’t in ûnôfhinklik rjochterlik oardiel oer de saak/it skeel jout. Dêrnei kinne partijen (meastal) yn heger berop tsjin de útspraak fan ’e rjochtbank.

Tsjin útspraken yn syvile, straf- en belestingsaken fan de rjochtbank Ljouwert kin (yn ’e measte gefallen) heger berop oantekene wurde by it Gerjochtshof Ljouwert. Yn belestingsaken kin fierder, útsein dat de oare partij dêrmei ynstimt, berop yn kassaasje ynsteld wurde by de Hege Rie fan ’e Nederlannen (belestingkeamer).

Tsjin de útspraken op it mêd fan it algemiene bestjoersrjocht kin heger berop oantekene wurde by as de Sintrale Rie fan Berop, as de Ofdieling bestjoersrjochtspraak fan 'e Rie fan Steat. Yn eltse útspraak stiet oanjûn oft hjir rjochtsmiddelen tsjin iepen stean en sa ja hokker as dat binne.

Oan ’e ynformaasje op dizze site kinne gjin rjochten ûntliend wurde.



Naar boven