Feroardieling fanwegen moard op buorman
Ljouwert, 18-09-2025De rjochtbank Noard-Nederlân, lokaasje Ljouwert, feroardielet fertochte foar de moard op syn buorman. Dêrneist achtet de rjochtbank ek bewize dat de fertochte him skuldich makke hat oan bedriging, oplichting, fertsjustering en stellerij troch middel fan braak, rjochte tsjin itselde slachtoffer. De rjochtbank komt ta it oplizzen fan in finzenisstraf fan tolve jier en de maatregel fan terbeskikkingstelling mei befel ta ferpleging fan oerheidswegen.






