Laden...

Skiednis fan it rjocht yn Fryslân

Dit is een afdruk van een pagina op Rechtspraak.nl. Kijk voor de meest actuele informatie op Rechtspraak.nl (http://www.rechtspraak.nl). Deze pagina is geprint op 01-01-1970.

Skip Navigation LinksRechtbank Noord-Nederland > Over de rechtbank > Skiednis fan it rjocht yn Fryslân

Midsieuwen

By de Friezen bestie it rjocht ynearsten allinnich yn de mûnlinge oerlevering fan heit op soan. Om 800 hinne waard it Fryske rjocht foar it earst troch Karel de Grutte fêstlein yn de Lex Frisionum. Yn de ieuwen dêrnei waard noch mear op skrift set, meast yn it Frysk. De Friezen wienen sûnt Karel de Grutte ûnderdienen fan it Hillige Roomske Ryk, mar de keizer wie fier fuort en hie amper ynfloed. It slagge syn greven net om harren ynfloed te behâlden. Ek de Hollânske greven koenen Fryslân der net ûnder krije. Dêrtroch stienen de Friezen allinnich yn namme ûnder de keizer en regelen se yn de praktyk harren eigen bestjoer en rjochtspraak. De tiid fan de Fryske Frijheid soe oant 1498 ta duorje.

Sawol bestjoer as rjochtspraak wienen bot desintralisearre. De measte macht lei yn de dielen, de lettere gritenijen. Sintrale ynstellings kamen amper ta ûntwikkeling. De rjochtspraak waard útoefene troch in grytman, holpen troch in pear keazen ynsitters, de bysitters, dy't it amt om bar besetten. Heger berop wie mooglik op it gerjocht dat hâlden waard op de lândagen fan de distrikten (Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden).

De Fryske Frijheid sneuvele yn de twadde helte fan de 15e ieu troch in kombinaasje fan ynterne partijstriid en de opkomst fan sterke lânshearlike steaten. Yntern wiene der hieltyd fetes tusken de haadlingen (adellike grutgrûnbesitters). Dy fetes laten ta de striid tusken Skieringers en Fetkeapers. De Fetkeapers linen op help fan de stêd Grins dy't wurke oan de opbou fan in eigen stedsteat. De Skieringers fûnen op it lêst stipe by hartoch Albrecht van Saksen.

Albrecht woe wol helpe, mar hy hie ek syn eigen aginda. Hy socht in gebiet foar syn jongste soan Hendrik. Albrecht koe mei syn leger de Fetkeapers gau ferslaan. Hy waard noch yn 1498 troch de keizer beneamd as gubernator en potestaat oer Fryslân. Nettsjinsteande syn foech slagge it him en syn opfolgers net yn om harren gesach te fêstigjen. In oanhâldende oarloch mei de stêd Grins en opstannen fan de Friezen wienen de wichtichste oarsaken. Yn 1515 ferkocht syn soan George syn rjochten op Fryslân oan keizer Karel V.

 

 

Lânshearlike tiid

De Saksyske hartoggen wienen al út ein setten mei de opbou fan in moderner sintralisearre bestjoersapparaat. Karel V soe mei dy polityk trochgean. Op 25 july 1499 stelde lânshear Albrecht in Rie yn foar it bestjoer en de rjochtspraak yn syn Fryske gewesten. Yn de Rie hâlde ien groep riedshearen him dwaande mei it bestjoer (de Bestjoersrie) en in oare mei de rjochtspraak (it Hofgerjocht).

Doe't Karel V it bestjoer oernaam ynstallearre hy yn 1515 it Hof fan Fryslân. Dat Hof hâlde har ûnder lieding fan de steedhâlder dwaande mei sawol bestjoer as rjochtspraak. Yn 1527 krige it Hof in profesjonele organisaasje. Net-juristen waarden amper mear beneamd. Om't de steedhâlder der yn de praktyk net in soad wie hie it Hof feitlik it deistich bestjoer oer it gewest. It Hof wie fan 1571 ôf húsfeste yn de Kânselarij. Dat gebou stiet noch altyd oan de Twibaksmerk yn Ljouwert.

Hoewol't der op lândagen geregeld mei de Steaten fan Fryslân oerlein waard, wie de ynfloed fan it gewest lyts. It regear woe de macht yn Brussel konsintrearje en woe de gewestlike autonomy minimalisearje. De ûnfrede oer dy polityk wie úteinlik ien fan de haadoarsaken fan de Opstân dy't yn 1580 in definityf ein meitsje soe oan it Habsburchske bewâld.

 

 

De perioade fan de Republyk

Under de Opstân waard yn 1578 in nij Hof ynstallearre troch de nije machthawwers. Dat Hof ferlear lykwols hast al syn bestjoerlik foech en fungearre allinnich as rjochtskolleezje.

Ferlike mei oare gewesten wie benammen de kriminele rjochtspraak yn Fryslân sterk sintralisearre. De measte saken fan belang waarden behannele troch it Hof. Allinnich lytse oertrêdings waarden behannele troch de Nedergerjochten dy't yn eltse stêd en gritenij fêstige wienen. Sivile saken waarden mear troch de Nedergerjochten behannele, mar der waard in soad gebrûk makke fan de mooglikheid om yn berop te gean by it Hof.

It Hof moast syn macht diele mei in pear oare rjochtbanken: de Senaat fan de universiteit yn Frjentsjer de Kriichsrie it Jachtgerjocht it Admiraliteitskolleezje yn Harns Deputearre Steaten (foar de administrative rjochtspraak)

 

 

Njoggentjinde ieu

Nei de ynliving by Frankryk waard yn 1811 ek de Frânske rjochterlike organisaasje yn Fryslân ynfierd. It Hof fan Fryslân waard opheft en de measte taken waarden oernommen troch de rjochtbanken fan Earste Oanlis yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean. Foar it berjochtsjen fan swiere misdriuwen kaam ynsidinteel in Hof fan Assisen yn Ljouwert byinoar. It keizerlik Gerjochtshof (letter de Hege Rie) fungearre as ynstânsje foar berop.

Op it plattelân wienen der Fredegerjochten en Plysjegerjochten. Yn 1838 waard in Nederlânske rjochterlike organisaasje ynfierd. Doe ûntstienen ynstellings mei  nammen dy't wy fan noch net sa lang ferlyn koene as: kantongerjochten, arrondissemintsrjochtbanken en in Gerjochtshof. Fan de trije arrondissemintsrjochtbanken út 1838 bleau allinnich dy yn Ljouwert oer, no neamd rjochtbank. Fierders bestiet sûnt 1 jannewaris 2002 it kantongerjocht net mear as selsstannich gerjocht. De kantonrjochtspraak is ûnder brocht by de rjochtbank, neamd sektor kanton. It Gerjochtshof dat ynearsten allinnich Fryslân as ressort hie wreide syn foech út oant de trije noardlike provinsjes.

 

 

It gebrûk fan 'e Fryske taal yn de rjochtspraak en it bestjoerlik ferkear

It gebrûk fan it Frysk yn 'e rjochtspraak hat yn 'e ôfrûne fyftich jier foar in bulte trelit soarge. Hjoeddedei is it brûken fan 'e Fryske taal wetlik regele.

1956: de Kneppelfreed-wet
1997: Utwreidzjen fan it brûken fan it Frysk yn 'e rjochtseal

 

 

1956: de Kneppelfreed-wet

Yn 1951 wie der yn it Paleis fan Justysje in rjochtsitting dy't tige wichtich waard foar de Fryske taal yn 'e rjochtspraak. Op freed 16 novimber fan dat jier moast de Fries Fedde Schurer foar de rjochter ferskine. Hy hie yn in stikje yn 'e krante de rjochterlike macht misledige omt de kantonrjochter yn 'e strafsitting krekt dien waard as koe hy gjin Frysk ferstean. Op it Saailân, foar it Paleis fan Justysje, ûntstiene nei oanlieding dêrfan pro-frsyke rellen. Dêrby waarden trije minsken ferwûne. Letter krige dizze freed de namme "Kneppelfreed".

Fedde Schurer hie de rjochtsaak mei sin útlokke: hy woe de rjochter in útspraak oer de posysje fan it Frysk ûntfandelje. Dat slagge him úteinliks ek: yn 1956 kaam der in wet dy't it brûken fan 'e Fryske taal yn it bestjoerlik en rjochterlik ferkear foar in grut part regele. Sûnt dy datum wie it Frysk yn 'e rjochtseal tastien. Wol koe de rjochter it Frysk yn in rjochtsaak ferbiede, as hy fûn dat it brûken fan 'e Fryske taal in behoarlike rjochtsgong yn it paad stean soe. Prosessen-ferbaal en oare prosesstikken waarden yn it Nederlânsk skreaun.

Faak troch ûnbegryp, rôp de wet fan 1956 yn earsten oan, tsjinstân op. Sa fertelde it Earste-Keamerlid Diepenhorst dat hij tidens in sitting yn Fryslân sa skrokken wie doe't de foarsitter krekt foar it skoft de sprekken ûnderbruts mei de útrop: 'Skoft!' Ta syn gerêststelling bliek 'skoft' it Fryske wurd foar it nederlânske wurd "pauze" te wêzen en net foar it nederlânske wurd "schoft".

 

 

1997: Ferromming fan it brûken fan it Frysk yn 'e rjochtseal

Sûnt 1 jannewaris 1997 is it brûken fan it Frysk y 'e rjochtseal wetlik noch fierder útwreide. Tsjintwurdich mei de rjochter it brûken fan it Frysk net mear ferbiede: tidens in rjochtsaak mei in elk Frysk prate as hy as sy dat wol. Wol kin de rjochter bepale dat der in tolk komme moat. Ek is it mooglik, prosessen-ferbaal en oare prosesstikken yn it Frysk te skriuwen as der tidens de rjochtsaak Frysk sprutsen wurdt. Ek kin de rjochter in Nederlânske oersetting tafoegje.

(Mei tank oan it Ryksargyf yn Fryslân)

 

 

Zie ook: